Ienfaldich Trubadoer

Ik bin ienfâldich trűbadoer
dooch fierders foar gjin inkeld ding
en swalkje as aparteling
de hiele ierde oer
myn ferskes binn’ net fan komsa
mar binne alles wat ik ha
hear nei myn libbensfilosofy
op dizze melody

Do nimst wier neat mei
fan watst hjir garre hast
nee, do nimst wier neat mei
ast nei de himel moast

Petrus freget net hoe ryk ast bist
asto by him foar de poarte stiest
do nimst wier neat mei
fan watst hjir garre hast

Do waanst dysels in rike man
mar libbest net, sitst op ’e pong
it wurdt foar dy in lijensgong
do krijst der krupsjes fan
tefolle potsje is net goed
en ’t hâld dy wier net út ’e noed
want as dyn sűnens dy ferlit
wat is dan dyn besit?

en komst dyn âldelju dęr tsjin
sille sy ek sizze, it hat gjin sin

Ik bin gewoan mar trűbadoer
ik ha my noait oan jild fertild
ik libje frij, ha ’t romme fjild
’t is ien grut aventoer
oer myn fermogen wier gjin frees
de moaiste dingen binn’ fergees
en makket dyn jild dy net bliid
tink dan ris oan dit liet

oer it gręf is alles dochs ferlern
skink it in goed doel en oars de bern
kinderen want do nimst wier neat mei
fan watst hjir garre hast
fan watst hjir byinoar skrabbe has