Guon Rinne Om Op Stikkene Skuon

Guon rinne om op stikkene skuon
sis my wêr liedt dat ta?
goefader God, efter ’t wolkenplafond
miskien wol hy dat sa!

Goefader God, efter ’t wolkenplafond
it lit Him blykber kâld
Hy jout neat om in pear stikkene skuon
faaks is er wurch en âld

De dagen falle my inkeld noch swier
ik sis it kear op kear
mar boargers, oer hûndert jier
binn’ wy der dochs net mear

Dan krije oaren ús tryste rol
lizze wy yn de grûn
fiele gjin kjeld yn ús tsjustere hol
dan ha wy frede fûn

Binn’ der noch nachten, is der noch eangst?
ik bin no al stiif
’k wol nei myn wyfke
’t is jit myn ienichste ferlangst
smûk lizze, liif tsjin liif

Ik bin in tige twiveleftich figuer
ien dy ’t net doge sil
mar Blauwe Fedde, dy fynt my sekuer
dan bin ’k foar altyd stil

Guon rinne om op stikkene skuon
sels op har lêste reis
mei oan de ein in laitsjende demon
en ik bin al healweis