Ballade Fan Ald Baas Freark En Cecilia Lind

In eilān by jūntiid mei moanneskynwaar
der klinkt wat muzyk, in bas, in gitaar
de ālde baas Freark, hy dūnset omtrint
mei de lytse, wat skruten, Cecilia Lind

Har eagen binn’ sluten, ja wier, sy geniet
syn earms binn’ noch sterk, romantysk it liet
it ferwaarmet har sinnen, dit is har momint
sy kleuret yn ’t tsjuster, Cecilia Lind

En wat seit āld baas Freark, 50 jier āld
wy binn’ op in eilān, it wetter is sālt
mar swiet is it lān as in man dy bemind
dźr moatsto op wachtsje, Cecilia Lind

It feest is no dien en wat sille sy dwaan
hy bringt har nei hūs, wol him fierder net jaan
mar sy lśstert dūzich, foar dy bin ’k in flint
mar jou ris in tśt oan Cecilia Lind

Pas op, seit baas Freark, ik bin te āld
do bist sa moai, noch mar krekt op de wrāld
dit is wat net mei en hjir hie ’k net op sind
mar ik bin al hast sechstjin, seit Cecilia Lind

De stjerren ferdwine, de moarn fielt sa njoer
oan it fjoer fan har leafde joech hy him oer
de leafde is blyn foar in ālde frijfint
noch ien lźste tśt, seit Cecilia Lind